De eartiidse D machtiging

De seis D-kanalen fan eartiids, wiene yn it begjin fan de D-machtiging (1975), in seistal oan de machtiginghâlders tawiisde frekwinsjes yn de twa meter amateurbân. De D-machtiging wie destiids yn it libben roppen om de minsken dy 't gebrűk makken van de yllegale 27mHz bân, de gelegenheid te bieden om in opstap te meitsjen nei it "echte" sendamateurisme.
Dizze groep "nye" amateurs mochten de folgjende frekwinsjes brűke; 145.250, 145.275, 145.325, 145.350, 145.375 en 145.400 mHz. Modulaasjesoart wie inkeld en allinne FM. En der mocht alline wurke wurde mei type goedkarde apparatuer, dat net bűten de seis kanalen wurkje koe.
In tal van fabrikanten sprongen dęr op yn. Bekende nammen as Kenwood mei TR-2200g en TR-7200g, Icom mei de basistransceiver IC-21AD en de mobile IC 240AD. en de draachbare IC-215AD.
Mar ek minder bekende nammen as Clegg, Zodiac Gemini, en ook Standard hiene in seis kanalen TRX útbrocht.
De Jildichheidsdoer fan dizze opstapmachtiging wie, oarspronklik, twa jier, mei in útrin fan maksimaal 1 jier. Binnen dizze tiid moast men slagje foar de C-machtiging.
Juridysk holden dizze betingsten gjin stân en letter waard de D-machtiging omset yn in pemaninte machtiging, mei űnbepaalde jildichheidsdoer.
Nei it beheljen fan it eksamen waard de PD0 call takend, werby 't de earste letter fan de suffix oanjoech, wannear it eksamen ôflein waard. Elk eksamen hie syn eigen earste letter. Bygelyks: PD0EGF hat it neijierseksamen dien yn 1977. En elkenien dy 't foar it foarjierseksamen yn 1981 slagge binne, krige in ropnamme begjinnend mei in L.
Yn de rin fan de jierren krigen de D-machtiginghâlders hyltyd mear foech en mooglikheden ta harren beskikking.
Noch letter waard de D-Machtiging omset yn in N(ovice) machtiging.


Dizze pagina is bywurke op 13 maaie 2007